aafje bouwer | de weefplaats

Nei de middelbere skoalle studearre Tsjisse Hettema 2 jier Ingelsk yn Grins, mar socht dêrnei dochs syn heil yn de stúdzje M.U.-Frysk.
Hy hat yn it bibleteek wêzen wurke en slagge dêrnei oan in baan by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (yn 2003 opgien yn Tresoar) as dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf.
Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel skroei. Dêrnei is der oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel út. Fjouwer jier letter ferskynde by de Q de opfolger. Hy publisearret no sa en dan noch yn de literêre tydskriften De Moanne en ynternettydskrift Farsk.