resinsje fan "It eachwyt fan de simpele rider" yn Hjir 29 01 1999 troch Eric Hoekstra

resinsje fan "It eachwyt fan de simpele rider" troch Jelle van der Meulen(1999)

ynterview troch Marijke de Boer

resinsje fan "Heehoo heehoo; De leafde is as de mage fan in ko" troch Arjan Hut yn Moanne (16 12 2016)

ynterview troch Hedwig Terpstra yn Ensafh (23 12 2015)

resinsje fan in internet-publikaasje fan Tsjisse Hettema troch Arjan Hut in het Frysk Deiblêd d.d. 19 10 2017

tsjisse hettema

Resinsje fan Tsjisse Hettema „It eachwyt fan de simpele rider”
Eric Hoekstra (Hjir 29-1, 8-13, 1999)


1. De Eskimo sprekt


Der sit ferduld noch bloed oan myn analytyske sabel; hawar, gjin bettere manear om âld sear te ferjitten as troch nij sear tewei te bringen. Of lykas myn broer sei as de ferkearing wer ris útskuord wie: "nei dizze wer in frisse". Ja, sear! Dat is de dominante ympresje dy't it debút fan Tsjisse Hettema op my makket, sear ôfwiksele mei stuiten fan freedsumens, skier ljocht tusken de reinbuien troch. Soks is my frjemd: dat fier fan hûs in útwedstriid foar my, de lêzer anneks kritikus. Oer himsels as lêzer anneks kritikus seit Tsjisse yn it gedicht Serieus:


Ik fiel it topke fan myn iisberch
hearlik tekear gean
yn it achterste fan in oar
hiel bekend grut dichterman
...
sûnder behindering om troch te gean
nim ik, eskimo
myn grutte taak op my
om dizze dichterman
bleat te lizzen


Yndie, en no kriget waít dit skreau sels in beurt. Mar "sûnder behindering om troch te gean"? Net myn gewisse, sa't in Offisjele Kritikus sizze soe, mar myn smaak is hjir in behindering want dy stiet de koartste klap yn ëe wei. Slaan ûndertusken acht op de poetyske hyperlink slein tusken 'iisberch' en 'Eskimo' tanksy de semantyske besibbens fan dy wurden. It yntellekt is kâld as in iisberch, as it fielen him net beselskippet. Mar dan de defêtistyske, selsôfkreakerige ein fan dit gedicht:


mar al sa bonkendewei
slagget my neat
ik bin allinnich mar hymjend
myn noasdrip de baas


It probleem is net de kâldens fan je yntellekt (dat is sels in pree) mar de fiellingen dy't je dêrby oer jesels ha. En dy binne by Hettema leechlizzend, saít dit gedicht treflik útdrukt. Of de protagonist fielt neat (iisberch) of hy hat negative gefoelens oer himsels (slagget my neat). Dêrmei is de haadtoan, das Leitmotiv, foar de bondel set.


2. Sear, Skuld en Selsôfkreakjen


Sear kin twa foarmen oannimme: oergeunst en skuld. Oergeunst is 'sûner' want dat rjochtet him op oaren, op de bûtewrâld. Skuld is nuodliker want dat rjochtet him op jesels, op de binnewrâld. By Hettema is it skuld. Skuldgefoel besiket jesels leech te lizzen; dêrom binne skuldgefoel en selsôfkreakjen nau mei-inoar ferbûn. Yn it gedicht Skuld wurdt in mem delset dyít mei in berntsje op ëe earm foar de gewearlopen útrint, en dat gedicht einiget sa:


en salang't ik sjuch
bin ik dy soldaat
allinnich mar oan ët wurk


Yn dit gedicht spilet deselde emosjonele problematyk as yn it foarige: of neat fiele, of negative emoasjes (selsôfkreakjen, skuld); dat is gjin noflike ôfwikseling.
Emoasjes binne boppedat ferslavend. Dêrfandinne dat de dichter (och toe ju, lit my it no autobiografysk opfetsje) yn Ympotint: sprekt fan 'myn dwylsinnige langst / nei bestraffende fuotten'. Want de skuldige wol straf, straf ferlost de skuldige tydlik fan syn skuldgefoel. Yn dy ferslavende ôfwikseling fan skuld en straf hat de skuldige himsels finzen nommen. It is ek foar de dichter in fertroud proses, saít er yn Nacht seit:


selsferwyt kiest syn drager
siedend bloed giet oer fertroude skiven


By skuld past wredens, want de skuldige is wreed yn syn selshaat. Yn Aldlân, ien momint tsjut Hettema syn manear fan sjen oan mei de frase ìmyn wrede sykljocht'. En as er himsels sear dien hat, as er him wer skuldich fielt, dan komt er út by syn Ein en begjin, dat is selsmeilijen:


ik doch alle wierheden
troch de souwe fan
myn praktysk selsmeilijen


Och moat ik noch mear bewiisplakken bybringe? Ien dan, dy't faaks it paad nei de ferlosssing wiist. Yn Rom sprekt de dichter fan syn ìjierrenlange skuld / te lossen / oan har, myn sinnebyld'.


3. Leafde as ferlossing mar seks as wurklikheid en as lyryk


Stiet dat sinnebyld foar in útskuorde relaasje? Mar in relaasje soe ek de ferlossing wêze kinne, saít de ein fan Rom útstelt, in ferlossing dêr't lykwols gjin hoop op is:


besteld hie ëk in sinnebyld
oan board
mar it is net kommen
o ja, even út de fierte tusken de huzen
hat it swaaid
mei wat ik noadich bin


Wat is Tsjisse dan noadich? Fansels, leafde: hok oar teoretysk klisjee? Yn ëe praktyk dus relaasjeproblemen. Hawar, de klisjees dan. Oan ëe ein fan Ympotint:


ik moat wiere leafde
noch stadich leare


Mmm, dat sil ët wol. As we dan dochs wat minne regels siteare moatte, dan bygelyks de klisjeemjittige ein fan Slûske, 'de rivier lit syn wetter de frije loop', of de patetyske ein fan Do, 'leafste, wat foar wyn stjoert / dyn wurge seilen' (hea, it lykje wol regels fan Abma), of gedichten sûnder rêchbonke lykas Hjir en Linige geast (Candlelight!). Ok, dy lêste dan yn syn hiele hear en fear:


rekt him net de lea
nei it ivich wurge yn
dit bestean
skrept net de geast
nei
ja, wêrnei
de lea
en it ivich wurge yn syn skreppen


No goed, lit oaren de mislearre gedichten mar besprekke. Yn Atelier drukt de dichter syn filosofy (dat is, syn psychology) út yn ëe neikommende kar:


ûnthâld sear dyít
sear dy diene
of haw ien hetsich leaf
ien fan twaen


Leafde foar in oar wurdt hjir noch sjoen as in mooglike ferlossing fan skuldfielen, wat fansels in yllúzje is. Wat dat oanbelanget is it niiskrekt sitearre fragmint út Rom earliker.
Fierders is de rol fan de leafde net idealisearre mar konkretisearre yn ëe seksualiteit. En dêr hat Hettema no krekt in pear lyryske mominten. Ut Suvere :


lit myn tonge
dyn tongerbui heine
lit myn tonge it hynder wêze
dat grutsk dy dynje lit
do mei dyn tosken
teskoar yn myn fel


Let op it wurd 'grutsk'. It fielen fan grutskens past by lyryk, dat foar de skulddichter Hettema in útsûnderingstastân is. Sa ek yn it moaie gedicht Frou.


yn dyn oerweldige wêzen bist
gjin romantysk byld fan in frou
gjin sachte erotyk
mar in hurde rots
dyít har skurte iepenspjalte lit


Ofsjoen fan seks wurdt der in dizze bondel neat ferhearlike. Ferhearliking komt mar ien kear eksplisyt oan ëe oarder, en dêr ferûntskuldiget de dichter him dan ek foar (Slûske):


de skeansakke, fermôge oanlispeallen
jouwe my it frij
om dizze fergetten oarde
in bytsje te ferhearlikjen
'Jouwe my it fry'!

Mar as it om skuld en sear giet, dan freget de dichter gjin fry mar nimt it, kear op kear! En sa lit de dichter himsels bonkendewei beride troch syn dominante emoasje en jout dy stal yn syn gedichten.


4. Taaie lilkens, taaie moaiens


De omslach drukt fry aardich it taaie sear- en skuldfielen fan Hettema út. Want dêr sjogge we in bewurking fan Edvard Munch syn ferneamde ekspresjonistyske skildery ìde skreauî. Mar dêrít it ferneamde plaatsje fan Munch ek eangens útdrukt, sjogge we hjir fral it sear sels yn al syn taaie lilkens. En dan de titel ìIt eachwyt fan de simpele riderî, mei op de achterflap, skreaun fan rjochts nei lofts it komplete fragmint út it lêste gedicht fan de bondel, Earne:


de wil om te winnen is dêr net
dy wurdt wei
achter
it eachwyt fan de simpele rider


Yn it Fryske lânskip fynt de simpele rider oan ëe ein fan ëe bondel in beskaat soarte frede, want dêr is de wil om te winnen ôfwêzich, dy lost him op achter it eachwyt yn it hymjende liif fan de sporter. En dan, as beslút, dit skoan delsette byld, en dy hearlike wrede grap der deun efteroan:


syn fuotten binne buizen
neonljocht
yn in strakke treningsbroek
ûnder it útboljend krús
dêrít alles omhinne draait
en yn beweging is
hy soe 'twaentritich' sizze wolle
mar 'njoggentjin-twaentritich' bliuwt
tusken de tosken hingjen


5. In grut dichterman bleatlein


De Amerikanen dogge Europa yn 3 dagen, en de lêzers fan HJIR dogge Tsjisse Hettema yn 3 minuten. Mar goed, it kin, want se ha treflike gidsen ta har foldwaan. De Amerikanen alteast. De besprekker, de aventurier, hat gjin twifels mear want hy slút syn reis yn ëe frjemdens ôf mei de lêste regel fan Hettema syn bondel: wat soe er bemale: hy is thús.

Eric Hoekstra

http://members.chello.nl/e.hoekstra8/Hettema.htm