resinsje fan "It eachwyt fan de simpele rider" yn Hjir 29 01 1999 troch Eric Hoekstra

resinsje fan "It eachwyt fan de simpele rider" troch Jelle van der Meulen(1999)

ynterview troch Marijke de Boer

resinsje fan "Heehoo heehoo; De leafde is as de mage fan in ko" troch Arjan Hut yn Moanne (16 12 2016)

ynterview troch Hedwig Terpstra yn Ensafh (23 12 2015)

resinsje fan in internet-publikaasje fan Tsjisse Hettema troch Arjan Hut in het Frysk Deiblêd d.d. 19 10 2017

tsjisse hettema

Meiwurker oan it wurd: Tsjisse Hettema

‘Byld en lûd foegje safolle mear ta’

Tsjisse Hettema hâldt him as iennige by Tresoar dwaande mei it bewarjen fan lûds- en byldmateriaal. It materiaal foarmet in ûnderdiel fan it boarnemateriaal oer skriuwers en dichters. Besikers kinne sa net inkeld ynformaasje oer it wurk fan skriuwers opsykje, mar krije in sa folslein mooglik byld om’t se de skriuwers ek hearre en sjogge.

Marijke de Boer

Syn wurkkeamer liket in elektroanikasaak. Op syn buro lizze fjouwer ôfstânbetsjinnings. Der stiet in televyzje, in dvd-recorder, in stereotoer en apparatuer om âlde bannen mei ôf te spyljen. Betelle wurde om televyzje te sjen of nei de radio te harkjen, wa wol dat no net? ‘Ja, ik ha yndie in prachtbaan,’ laket Tsjisse Hettema (1955). ‘It leafst ha ik alles tagelyk oan. Sa ferwurkje ik no de opnames dy’t Geart de Vries mei Douwe Tamminga makke foar syn biografy. Ik harkje dêrnei en lês sa út en troch wat yn de biografy, harkje tuskentroch nei in oar program en ha soms ek nochris de televyzje oan.’

Letbloeier
Foar de fúzje ta Tresoar wurke er seis jier as frijwilliger by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). By de ferhuzing nei de Bûterhoeke krige er in fêste oanstelling as meiwurker neiere ûntsluting. Hy is tafallich yn dit wurk rûgele. Nei de ulo en de meao wurke er by it jirpelkweekbedriuw fan syn heit yn Emmeloard oant er yn tsjinst moast. Dêrnei gie er nei de hegere lânbouskoalle om’t it fanselssprekkend wie dat er fierder soe yn it famyljebedriuw. Nei twa jier hâlde er op mei skoalle en gie yn it bedriuw oan it wurk. ‘Op myn 24e kaam de omslach. Doe’t in ekstern buro de saak trochljochte en my frege wat ik it leafste woe, wie ik al út ’e rie dat ik wat mei it Frysk dwaan woe. Us heit hat my gean litten en nei’t ik myn vwo-diploma helle, sette ik ôf nei Grins om Ingelsk en Frysk te studearjen.’ Nei twa jier hâlde er dêr mei op en úteinlik hat er MU Frysk helle. ‘Taal en literatuer ha my fan jongsôf oan ynteressearre. As bern wie ik al sljocht op boeken en lies ik alles wat los en fêstsiet.’ Syn doetiidske frou krige wurk yn Ljouwert en fia har kaam er op de bibliobus. Nei’t syn baan fuortbesunige waard, kaam er op it FLMD telâne. ‘Se fregen oft ik as frijwilliger oan de slach woe. Myn earste klus wie it beskriuwen fan it lûdsargyf. Der wiene lp’s en cd’s fan Fryske muzikanten oantúgd, mar dy wienen mar foar in part beskreaun.’ 

Dichter
Hy fielde him by it FLMD op syn plak, ek om’t er sels gedichten skriuwt en publisearret. ‘Mei dat skriuwen begûn ik op de middelbere skoalle. Ik wie benijd hoe’t it in fers wurket om’t ik it net begriep. Watfoar effekt in gedicht ha kin, ûnderfûn ik yn it lân by ús heit. Hy hierde in stik lân fan in Grinzer boer dy’t earder beropsmilitêr west hie. Wy neamden him de generaal. Hy gie mei de hûn op de fyts troch it lân. Ik hie in spotfers skreaun dêr’t de hûn syn sekretaresse wie en oarders oannaam. Oaren fûnen it geweldich. In moarn stie de boer by it stek, hy kearde de trochgong. Hy begûn it fers foar te dragen. De arbeider hie it oan him trochspile. Ik skamme my dea, tocht dat er lilk wurde soe, mar hy begûn hiel lûd te laitsjen.’

Pionier
Tresoar is foar in grut part in papieren ynstitút en de database om de gegevens yn te ferwurkjen is dêrop ynrjochte. It beskriuwen fan it lûds- en byldargyf wie dêrom somtiden dreech. ‘Yn it begjin wie it pionieren, mar sa stadichoan is der mear omtinken foar oarsoartige argiven. It leit my wol, sels dingen útfine en regelje. Troch goed by te hâlden watfoar programma’s op radio en televyzje útstjoerd wurde, mei foar Fryslân nijsgjirrige figueren, meitsje ik de kar wat ik opnim. Earder pluze ik benammen de gidsen troch, mar tsjintwurdich is ynternet in belangrike ynformaasjeboarne en helpmiddel om saken werom te finen as ik wat mist ha. Dy spanning hâld ik altyd, dat ik wat mis of dat ik krekt te let bin om de recordknop yn te drukken. Ek yn myn fakânsje wurkje ik troch.’ Sûnt in pear jier draacht er sels by oan it argyf. Hy follet de hiaten op troch Fryske skriuwers thús te filmjen wylst se út eigen wurk foarlêze. Sa hat er by Trinus Riemersma oan de keukenstafel sitten. ‘Nei’t er earst in pear fersen lies dy’t er de muoite wurdich fûn, einige er mei twa haadstikken út De Reade Bwarre. It foeget safolle mear ta ast ien hearst of sjochst. Dyn byld fan in persoan feroaret op slach ast de stim derby hearst. Dat is noch sterker ast ien sjochst.’
  
Filmargyf
Nei de simmer wurdt it Fries Film Archief by Tresoar ûnderbrocht. Yn de ferbouwingsplannen is romte makke foar in bioskoopseal. Tsjisse Hettema is entûsjast. ‘Dan kinne wy folle mear sjen litte fan wat der oan byldmateriaal yn hûs is. Ik bin bliid dat der mear erkenning foar audio- en fideo-argiven komt. Kinst der yn dizze tiid ek net mear om hinne. It sukses fan in webside lykas Youtube toant dat wol oan. Minsken wolle fuort wat sjen kinne. Ik ha der o sa’n sin oan om de kolleksje fan it Filmargyf te besjen want der sitte grif ferrassingen yn. Sa kaam ik lêsten op in opname fan oare skriuwers ûnbekend materiaal fan Obe Postma tsjin. Ik herkende syn lûd, dêr bin ik yn de rin fan de jierren yn traind.’