Aldehouster tsjerkhof | dat de rein | de Slachte | Weltall | dream | fill me up | ik haw in kabel | college girl | tankstasjon | is dit ver? (voor Cécile) |
Kiestersyl | mei beide fuotten | Murnzer Klif | sjoch ik út it gesticht | Tillefonnesteger
tsjisse hettema

sjoch ik út it gesticht
wei
myn frou
de ruten dwaan

yn de finsterbank
sjoch ik har
hannen

elke beweging
in tongerslach

troch de seismobolle
binnenkant fan myn holle
wjerljochtet it

de klamme harsenwand is
skjin
kleare bonke slacht
wyt út

swellen welle
fel
út in skiere loft
sjitte
myn wite gatholle yn

yn de iepenspjalte naden
dêr’t gjin geast mear is
bringe se in
merkteken oan

dan har hannen om my hinne
en ik sis net
wat ik har al sizze litte wol
en ik ferskik net
nei dêr’t ik har al hawwe wol