Aldehouster tsjerkhof | dat de rein | de Slachte | Weltall | dream | fill me up | ik haw in kabel | college girl | tankstasjon | is dit ver? (voor Cécile) |
Kiestersyl | mei beide fuotten | Murnzer Klif | sjoch ik út it gesticht | Tillefonnesteger
tsjisse hettema

mei beide fuotten
wiid oer de Seine
en de nâle
as de âlde Noardsee

op en del

fel

as de kâlde wytsing
yndertiid
de froulju hjir
it slydskjen learde

de âldste wurden
as hite geisers
út har spuitsje
liet

triuwt hja no
har hongerige
mûle
om de hurde Dardanel