in tankstasjon
en 2 minsken beheare dat stasjon
ferskriklik
tsjin ’t sin
en wolle fuort mar slute har op yn de winkel
en sjogge dêr de bewakinskamera’s
ôf
nei al dy klanten dy’t kommen
dy’t wer fuortgean
op ’t lêst dogge se de lúksafleks
mar wer iepen
litte harsels besjen
de man hat in brede boarstkas
de frou is lyts en meager
mar mei grutte timpelhôven |