tsjisse hettema

ik haw in kabel
stikkensnijd
no’t
oare biningen
bewege

alle doelen
sichtber
mijd

dy’t symboalen
garje
foar de lege
seismografen

in spanningstried
oer alle poalen
fan dyn hûd

dit is hoe’t it yn ús
eksplodeart
de folle werklikheid
nei bûten
keart