tsjisse hettema

fill me up with the nicest one
for the party has begun

ik seach dyn eagen
readbekape rôfdier
mei it draaien nei it wyt
sloechst dyn kloeren
sa ynfieren yn myn fleis
dat âlde akkoarden
sûzen
yn de wjokslach
fan wat drige:

de brieven wiene lang al brocht
mar om de wierheid
wurdt socht
by har dy't it feest
ferlitte

skink dy seine de breid
dat se opblaasd ta in byld
it genot fan de leafde skylt

dat ik dyn lêste leafde wêze soe
wist ik al
foar't de muzyk begûn