Aldehouster tsjerkhof | dat de rein | de Slachte | Weltall | dream | fill me up | ik haw in kabel | college girl | tankstasjon | is dit ver? (voor Cécile) |
Kiestersyl | mei beide fuotten | Murnzer Klif | sjoch ik út it gesticht | Tillefonnesteger
tsjisse hettema

Tillefonnesteger

út de kapel fol
klean
dêr’t de klerus
it deade skrotum
jûket
fan har lean
nei wurken

sjit de frou
in fertroud sydkanaal
fan har beskamsume oerfloed
yn

ik folgje har
om’t ik net oars kin

oer brechjes, barten
en soms sachte berms
jachtsje wy
nei it ljocht
dat ús op en del
beslikket

spionnen met it boadskip
yn de grille eagen
sa litte wy ús fiere
nei de hichte

de yndûkte spienen
litte har
ynienen ferliede
troch de folle moanne
yn har
rôs-reade mûle

dêr’t ik mar yn
boarje en
reagje
wol