tsjisse hettema

Murnzer Klif

om de wylde gerzen hinne
broeit de ydille
hannen aaie lustfol
it lânskip útinoar

x-treem
is alles wast hjir sjochst
in âlde beam
in mar mei glinsterdingen
in spagaat op de geast
dy’t yn ‘e kop seurt

Teksaans glês markeart it hûs
yn serene rasjonaliteiten
at brulloften oer planken
rattelje en fan kleur fersjitte
ferswijt de geur fan hout
it geheim fan it hûs

foar de brulloftsgongers
de smelle gongen
fertize as fanâlds
yn wolkoms- en ôfskiedsrituelen
sette de beakens har
wer foar bewenning