Aldehouster tsjerkhof | dat de rein | de Slachte | Weltall | dream | fill me up | ik haw in kabel | college girl | tankstasjon | is dit ver? (voor Cécile) |
Kiestersyl | mei beide fuotten | Murnzer Klif | sjoch ik út it gesticht | Tillefonnesteger
tsjisse hettema

Kiestersyl

de soele wyn komt fan Kie mei it gemak fan praten
it pear wol ta de die nei it koel ferrie fan de maten
om strakke stegerpeallen sakket út stringen fan ferset
de brutsen wetterkearing mei it skroeiend ferlet
de syl keart krekt it koarte lêste kriten net
de fisk swimt mei de mûle iepen de fluwielen fûke yn
en de soele wyn komt fan Kie mei it gemak fan praten
de hege laits lûkt nei de see en dwêst har fjoer as noait de wyn.