tsjisse hettema

I’m not a college girl

út it sicht fan feestfieren
binne strakke truikes
útdien
en fertrommele neist de bank
telâne kommen

gleone eagen longerje nei
bûtendoar
dêr’t wjerljocht of tonger
neat hawwe om yn del te ploffen

it feest moat noch komme
en is ek al wer foarby

mar ast hjir bist
ast hjir dyn fuotstap doarst
te setten
dan klinkt er al dyn dagen nei
út de hoare hoarizon benammen