tsjisse hettema

Dream

In earste foargerjocht
kin dy yn ferrukking bringe: út de losse pols gearstalde griente
bringe de smaak werom
ta in feestlike registraasje fan yngrediïnten

dan rekkest 5 minuten yn ‘e sûs

draai it skroefdopke los
fan de bestimming (op film noch, it iene byld ferglidet yn it oare en sûcht de mimyk nei binnen)
in leven komt bleat
mei freeslik sâlt fleis yn potten
(krekt it weckflessefamke dat oanseit mear sûker yn fruchten te brûken)
it wyt útbiten fleis eaget
swiet as jongfammelibben dat ûnwittend
is en slikjend lâns de râne
alles lekker toant oan
wa’t him ferskrikke lit