Die ausserirdische Suche im Weltall
in kameel gûlt
de nomade sjongt
yn ‘e stoarm neist de kûle
in hoosh-melody
yn sânstreaming kerrelnoaten
oer de skieding fan de eagen
de krulde hoeken fan de mûle
leit gefaarlik
net te rissen weemoed
yn sinen klear
de nomadefrou
foar it lêst neist de kûle
strykt
op har iepenst
hân oer rêch en werom
en wer en werom
op har iepenst
noch altyd
in sânstream sang yn har hoosh |