Aldehouster Tsjerkhof fan terp nei parkeargaraazje
ast fan de toer
skeansakke symboal
fan ûnwennigens
yn dûkflecht it plein oereagest
dan skôgest de stêd
yn syn wiere gesicht
ûnder it maaifjild is in dream ferjage
de hillige lemma’s fan ‘e stêd
licht opgroeven
swier fan betsjutting ôffierd
lizze as struisân
fersille oer fjild en gea
it lêste wurd fan toer en tsjerke
de stêd hat syn takomst út hannen jûn