tsjisse hettema

Goeie, achteleaze besiker.
Jo stean op it punt in goeie deal te dwaan mei de tiid.
Relax en lit dit oer jo komme:
Yn in stadige orgy fan poëzy en geweldleaze filmmontaazjes wurde jo fierd nei in knappe kidnap fan literatuer yn in tiidleaze setting..
Tekst en byld stalden dat noch net earder yn sa’n simpele symbioase út,
Klik fierder en genietsje.

Itselde jildt foar

it Pioenroaskonsert

dit jier, dat yn it teken stiet fan syn wurk: in hommaazje oan in dichter mei muzyk, poësy, en byldzjende keunst.
Muzyk:
It close harmony kwartet

Yellow Hammer

(sjoch bylage) iepenet mei in komposysje ynspireard op syn gedichten en sjongt fierder in breed repertoir, fan pop, jazz oant klassyk.
Poësy:
De dichters

Arjan Hut, Sipke de Schiffart

en

Syds Wiersma

drage gedichten fan en oer

Tsjisse

foar.
Byldzjende keunst:
Filtkeunstenares

Aafje Bouwer

(frou fan Tsjisse) eksposeart dizze middei filtwurk, resultaat fan harren projekt tegearre:

Hewwy dát

, de lêste dichtbondel fan

Tsjisse

, dy’t yn 2021 útkommen is.
Tiid: 11 juni 2023 om 15.30 oere
Plak: Andreastsjerke Winaam
Yntree: 15€
Reserveare foar in moai plakje:

jantsjepost@planet.nl